Nije Fryslân-Dútslân-stichting hâldt temajûnen oer kultuer en skiednis

01 jun 2019 - 11:40

In nije stichting, Duitsland Kring Friesland, wol de bannen mei de buorlju eastlik fan Nederlân fersterkje. Foarsitter fan de stichting is âld-boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Bilker wenje yn Fryslân sawat 2800 Dútsers, de measten fan harren (1200) yn Ljouwert. Ek op It Amelân wenje in protte Dútsers. Fan de bûtenlanners op it eilân is 28 prosint Dútsk.

De Duitsland Kring Friesland wol temajûnen oer kultuer en skiednis hâlde. De earste jûn sil wêze op 9 novimber, de dei dat it tritich jier lyn is dat de muorre foel en Dútslân wer ien lân waard.

(advertinsje)
(advertinsje)