Resinsje: Under de yndruk fan kalme Titus

01 jun 2019 - 11:10

It dekôr kin net moaier. De Bonifatiuskapel yn Dokkum sit op dizze premjêrejûn fol. In soad besikers hawwe in kessentsje mei, want twa oeren sitte op in houten tsjerkebank falt oars net ta. De kapel is boud yn 1934 mei dikke Fryske kleastermoppen, op oantrunen fan de Fryske pater Titus Brandsma. Doe't er syn earste preek hjir yn it Frysk hold, frege syn mem: "Moat dat no?" Wêrop't Titus sei: "Soe God it net ferstean kinne?"

Foto: Bote Sape Schoorstra

De foarstelling fan it muzykteäterstik hjit net foar neat Titus. Leven tussen stilte en stress. Net allinnich Titus Brandsma wie hieltyd op syk nei de stilte yn himsels, wylst er altyd mar oan it wurk wie. Foar in soad minsken hjoed-de-dei jildt itselde.

Anno Sjoerd Brandsma wurdt yn 1881 berne yn Oegekleaster by Boalsert, yn in roomske boerehúshâlding. De jonge Anno hat in iepen blik troch in rûn briltsje. "Ik haw in ropping", ropt er, "ik wol pryster wurde." Heit en mem fine it goed. "Hy is dochs te skraal om boer te wurden", seit heit.

By de oarder fan de Karmeliten wurdt Anno pater Titus, in rol fan Theun Plantinga út Feanwâlden. Titus Brandsma wurket oan de universiteit, is maatskiplik aktyf, ynspirearret in soad minsken. Syn ynspiraasje is de midsiuwske hillige Teresa van Avila, hjir spile troch Alexandra Alphenaar. Wat in prachtige stim hat sy.

Foto: Marit Anker

Titus warskôget al betiid foar it nasjonaal-sosjalisme. Yn de oarloch wurdt er oppakt, belânet yn de finzenis en wurdt letter op de trein set nei kamp Dachau. Troch de kuiergongen fan de kapel stampe de Dútske soldaten. De sênes wurde útfergrutte troch in groep dûnsers, dy't (tink ik) de gedachten fan de wrakseljende Titus ferbyldzje. Yn it kamp kin Titus gjin kant mear op, mar syn tinzen kronkelje troch. Hy stjert yn Dachau yn 1942.

Foto: Marit Anker

De reade tried yn de foarstelling foarmje de petearen tusken God (Maike Boerdam) en de duvel (Joop Wittermans). Se brûke nochal wollige taal, mar duvel Joop is gewoan echt grappich. Op syn readlearen pak draacht er in lullich heuptaske, dêr't er wat knal-earten yn bewarret foar as it oarloch wurdt.

It praten fan Titus mei syn tsjinspilers is frijwat spiritueel, mar wát se sizze, doocht. Flauwiteiten of geneuzel hearst hjir net. Like sterk klinkt de muzyk fan de groep strikers en de band WIEBE. Soms te lûd yn ferhâlding ta it koar. Spitich, bygelyks by de fleurige sêne mei de groepkes grifformearden, katoliken en 'iepenbieren', dêr't de koarsjongers sa moai en suver sjonge, mar net te ferstean binne.

Foto: Marit Anker

Theun Plantinga oertsjûget my as Titus. Hy is lang, meager, stiet rjochtop, is skerp fan blik en kalm yn dwaan. De lêste sêne fan dizze jûn is ienfâldich, mar sa goed betocht, dat ik it dy hjir net ferriede wol. As Theun de hân útstekt, bart der wat moais yn de rûne Bonifatiuskapel. Ik sjoch neist my, myn buorfrou hat de triennen yn 'e eagen. Titus makket noch altyd yndruk.

Foto: Marit Anker

Titus. Leven tussen stilte en stress. Bonifatiuskapel, Bronleane, Dokkum. Noch te sjen op 1, 2, 5, 7, 8, 9 (twa kear) en op 10 juny. www.titus2019.nl

Foto: Marit Anker
(advertinsje)
(advertinsje)