Fuotgonger swierferwûne by oanriding mei brommer op De Lemmer

01 jun 2019 - 10:11

In fuotgonger op De Lemmers is freedtejûn swierferwûne rekke doe't er oanriden waard troch in brommer. Omstanners melde dat der sprake wie fan in strjitrace. De plysje ûndersiket dat.

Foto: ProNews Producties

De ferwûne man is mei in traumahelikopter oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. De brommerrider rekke ek ferwûne. Hy is oerbrocht nei sikehûs de Tsjongerskâns op It Hearrenfean. De oanriding barde nei 11 oere freedtejûn op de krusing fan de Nieuwburen mei de Lijnbaan op De Lemmer. De plysje siket tsjûgen, ek om te witten te kommen oft der sprake wie fan in strjitrace.

(advertinsje)
(advertinsje)