Mear as 2.000 minsken tekenje petysje tsjin rekreaasjekompleks East-Skylge

01 jun 2019 - 08:39

De eigener fan de maneezje yn de polder op East-Skylge wol in rekreaasjekompleks fan 10 meter heech bouwe op syn terrein. Bewenners yn de buert binne in petysje begûn om dat tsjin te hâlden.

Foto: Margriet Blees

De petysje tsjin de bou fan it kompleks is mear as twatûzen kear ûndertekene. Ek gasten fan Skylge stypje de aksje, docht bliken út de reaksjes op de aksjeside op ynternet.

Gebiet foar greidefûgels

De gemeente hat earder al in oanfraach foar it rekreaasjekompleks ôfwiisd, mar de eigener fan de maneezje hat ein maart in nije oanfraach dien. De polder op East-Skylge is ek in gebiet foar greidefûgels.

De gemeente Skylge is dwaande om mei in nij bestimmingsplan foar te kommen dat der boud wurde kin op it plak fan de maneezje. Ein maart is dêr in tariedingsbeslút oer nommen. In pear dagen foar it beslút is der in nije oanfraach kommen foar de bou fan it kompleks.

Net gerêst op goede ôfrin

De aksjefierders binne net gerêst op in goede ôfrin, ek al is de gemeente tsjin de plannen. "Uiteindelijk kan de eigenaar door procederen tot de Raad van State en dan weet je niet wat de uitkomst wordt", seit Margriet Blees, ien fan de akjsefierende omwenners.

Striidber

De juridyske fraach spitst him ta op wat eins in maneezje is, leit frou Blees út. Is it in oerdutsen hynsterydplak mei in soad fasiliteiten of in sânbak bûtendoar. De projektûntwikkeler wol de manaazje dy't der no stiet, ôfbrekke en op dat plak in grut hotel bouwe mei as hynstefasiliteit inkeld in bûtenrydbak. "Dat hotel past niet bij het karakter van Oost-Terschelling", seit se. Mei dit soart arguminten wat bouwe dat net te kearen is, mei net barre. "Wij gaan door tot de projectontwikkelaar stopt."

Wy belje mei aksjefierder Margriet Blees oer de maneezjeplannen

(advertinsje)
(advertinsje)