Kollum: "Survival-city De Knipe"

01 jun 2019 - 08:15

De Knipe is in Frysk doarp oan de eastkant fan It Hearrenfean. It hjitte eartiids ek wol Nij Brongergea. De hjoeddeistige namme De Knipe komt fan in fersmelling yn de Skoatterlânske Kompanjonsfeart dy't troch it doarp rint. In feart dy't yn de knipe komt, sis mar. Oant 1970 wie it opsplitst yn Bovenknijpe en Benedenknijpe. Pas doe't dy beide byinoar kamen waard it ien doarp mei de Fryske namme De Knipe.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

"Wêr kenne jimme De Knipe fan? Fan Anne Zernike miskien? Se waard op 5 novimber 1911 de earste froulike dominy fan Nederlân, en dat barde yn de mennistetsjerke fan Bovenknijpe. Bêst hiel bysûnder en in baanbrekkende frou. Se troude mei de keunstskilder Jan Mankes, dy't yn It Mar wenne, dat oan It Hearrenfean grinzet. Mar kenne jimme De Knipe noch fan mear dingen? Fan de allegoaryske optocht miskien, of fan de kuorbalklup Kinea? De fuotbalklup Read Swart? Trekkerlûkwedstriden?

Dat soe allegearre mooglik wêze, mar De Knipe is de lêste jierren foaral bekend fan in nije en hurd oan populariteit winnende sport: survival. Mochten jimme no tinke dat soks net al te folle foarstelt, dan haw ik nijs foar jimme. Survival-feriening Pauwenburg is ien fan de hurdst groeiende sportferieningen hjir yn it noarden. Ferline wike wiene de jierlikse survival-dagen. Fan tongersdei oant snein weagen mear as fjouwertûzen dielnimmers harren oan de leadswiere hindernissen dy't stik foar stik in oerwinning op josels binne, as jo deryn slagje om se lytsman te krijen. Basisskoallen, freoneklupkes en echte kanjers op it mêd fan survival, alles wie te finen yn De Knipe en de bosken fan Pauwenburg, Oranjewâld. En gjinien kaam mei skjinne klean oer de streek. Oan touwen oer wetter klimme, tigerje, troch in kanaal wâdzje, oer balken klimme en tusken al dit freesliks troch ek noch einen hurdrinne, ik jou it jo te dwaan. In lyts leger oan frijwilligers soarge derfoar dat alles yn goede banen laat waard. Oeral op krúspunten stiene giele en reade heskes om de dielnimmers it paad te wizen en oan te fiterjen.

It is echt in swiere sport, mar wêrom is it sa booming en populêr? Us dochter hat dit jier ek meidien en ik haw in pear kear by in training west te sjen. It foardiel fan sporten as dizze is dat jo it yndividueel dwaan kinne. As de helte fan in fuotbalteam net opdaagjen komt, kin de wedstriid net trochgean, mar dat jildt net foar survival. Jo kinne allinnich prima in parkoers dwaan, op de tiid dy't jo it bêste past. Yn dizze tiid fan folle aginda's en altyd drok drok drok is it in sport dy't hast altyd wol earne tusken past. Bern, manlju en froulju, it makket net út. Elkenien kin op syn eigen nivo begjinne en der is begelieding fan ynstrukteurs as jo les nimme. As jo net benaud binne foar in blau plak en jo frustraasjes der ris goed útklimme wolle, is survival in oanrieder. Mei ferline wike as ultime finish in wiet pak klean as jo fan in glydbaan oer de einstreek yn in kontener fol sleatswetter bedarje. Dan spielt de measte modder ek daliks fan jo ôf. Se binne goed tûk dwaande dêr yn De Knipe."

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)