FIDEO: Is Johnny Jansen geskikt as nije trainer fan SC Hearrenfean?

31 maaie 2019 - 22:31

Wurdt hy 't of wurdt hy 't net? De namme fan Johnny Jansen wurdt faak neamd as nije haadtrainer fan SC Hearrenfean. De Ljouwerter Krante melde freed sels al dat it rûn is. Yn Fryslân Hjoed besprutsen sportferslachjouwers Roelof de Vries en Geert van Tuinen en LC-sjoernalist Gerard Bos oft Jansen geskikt is.

Roelof de Vries is dúdlik oer de kâns dat Jansen yndie de nije haadtrainer wurdt: "De kâns is 99,9%. It iennige dêr't se noch oer prate moatte, binne de details." Hy heart goeie dingen oer de, no noch, ynterim-trainer. "Ik hear foaral hiel positive sinjalen út de spilersgroep, dat sy hiel entûsjast binne oer Jansen."

In goeie kar?

"Sy witte wat sy oan him ha en hy wit wat hy oan de klup hat", seit Gerard Bos. "De minsken kenne him, dus hy hoecht him net te bewizen. Wol as trainer, mar net by it publyk. Hy stiet 1-0 foar, wylst oare trainers 1-0 efter stean."

Ek Geert van Tuinen fynt Jansen in geskikte kandidaat: "A: Hy is lang by de klup, en B: Van Basten, Streppel en Olde Riekerink ha der ek net folle fan bakt. Dan kin Johnny Jansen ek gau."

De Vries fynt Jansens lange karriêre by de klup belangryk. "Hearrenfean moat wer it 'Hearrenfean-gefoel' útstriele. Johnny Jansen hat dat wol. "

Klup mei problemen

Hearrenfean is wol in klup mei problemen - finansjeel en bestjoerlik wie it ûnrêstich - mar Gerard Bos tinkt dat Jansen dat minder belangryk fynt. "Ik tink dat hy him wol ôffreget hoe't it komt mei de seleksje en de doelstelling, mar dat foar him op ien stiet dat hy no lang om let de kâns krijt."

"Hy is der sels taamlik fan oertsjûge dat hy it kin. Prima ynstelling, lit mar sjen", aldus Van Tuinen.

Offisjele oanstelling

Wannear't de oanstelling fan Jansen offisjeel wurdt? "Se wolle it pas bekend meitsje wannear't se it hiele plaatsje, dus de hiele technyske stêf, ha", tinkt De Vries.

Oare ûnderwerpen yn it sportpetear fan Fryslân Hjoed: klupikoanen dy't werom komme by Cambuur, de ynteresse fan Anderlecht foar Hearrenfean-spiler Michel Vlap en it sukses fan de Fryske autokoereurs Nyck de Vries en Beitske Visser.

(advertinsje)
(advertinsje)