Eigener Brouwerij Dockum: bestimming bedriuweterrein moat oars

It bestimmingsplan foar bedriuweterrein Hogedijken yn Dokkum moat oanpast wurde. De fergunnings foar guon bedriuwen dêr passe al lang net mear by de aktiviteiten dy't guon bedriuwen dêr ha. Dat seit ûndernimmer René de Heij. Hy is mei-eigener fan Brouwerij Dockum. De brouwerij krige fan 'e wike in twangsom oplein, om't se iten servearje. Dat mei net neffens de fergunning.
Brouwerij Dockum © Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei René de Heij
Brouwerij Dockum hat tastimming om yn it priuwlokaal bierpriuwerijen te hâlden en dêrby in hapke te servearjen. It moat dan gean om priuwerijen yn kombinaasje mei it bier.
De brouwerij draait sûnt septimber ferline jier. In pear moannen letter kaam dêr in restaurant by. Ein febrewaris waard dúdlik dat de brouwerij foar it restaurantdiel gjin fergunning hat. It kolleezje drige doe mei in hanthaveningstrajekt. Beide partijen ha oant in oantal wiken lyn noch goed mei inoar yn petear west. In ferfolchôfspraak waard lykwols ôfsein. Yn stee dêrfan kaam de gemeente mei in twangsom.
Watfoar fergunning hat de gemeente ôfjûn?
"De vergunning voor de brouwerij, en later het proeflokaal, was dat ze hun eigen biertjes kunnen laten proeven bij rondleidingen en daarbij hapjes serveren", seit wethâlder Theo Berends. Nei de iepening die bliken dat se ek oare alkohol as bier ferkochten en iten. En dat stiet net yn de fergunning. "Dat hoort bij een restaurantfunctie. Dat is daar niet toegestaan."
De Heij fynt dy gong fan saken nuver: "De gemeente heeft in 2016 al gesproken over dit gebied in de binnenstadsvisie. Toen is gezegd dat dit overgangsgebied meegenomen moest worden. Wij zijn een jaar later begonnen met het maken van plannen voor een brouwerij. Eerst in de binnenstad, maar omdat ondernemers ons daar liever niet zagen, zijn we uitgeweken naar deze locatie, buiten het Bolwerk."
De Heij en de oare eigeners fan de brouwerij ha doe nei eigen sizzen goed oerlis hân oer de mooglikheden dêr. "Toen is ons duidelijk geworden dat ze de bestemming hier willen wijzigen. Ons was toegezegd dat als we in een bepaalde volgorde vergunningen aan zouden vragen het wel goed zou komen. Eigenlijk leek alles goed te gaan, totdat het in het nieuws kwam."
© Omrop Fryslân
Sa waarden fragen steld yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân oer de fergunningen yn it gebiet. Dy soene folle faker net kloppe.
De Heij hat it idee dat de gemeente mei de oanpak fan de brouwerij in foarbyld stelle wol. It is neffens him folle better om gau wurk te meitsjen fan it oanpassen fan it bestimmingsplan: "In de raad leeft ook de wens om te kijken of de bestemming kan worden aangepast." Dêr giet allinnich in skoft oerhinne. Sa'n wiziging fan it bestimmingsplan nimt goed in jier yn beslach.
De Heij en de oare eigeners fan de brouwerij ha yntusken beswier oantekene tsjin de twangsom.