Auto rekket op 'e kop yn wetter yn Tsjom

31 maaie 2019 - 21:19

By in ferkearsûngelok yn Tsjom is freedtejûn in auto op 'e kop yn it wetter bedarre. Dat barde oan de Nieuwbuurtsterweg yn it doarp.

Foto: AS Media

It is net bekend hoe't it ûngelok barre koe of hoe't mei de bestjoerder is. De auto is yntusken út de feart takele en meinommen.

Trefwurden: 
ferkearsûngelok Tsjom
(Advertinsje)
(Advertinsje)