Waadferiening poerrazend: berging konteners MSC Zoe is opholden

31 maaie 2019 - 20:54

De berging fan de seekonteners dy't fiif moanne lyn fan it frachtskip MSC Zoe sloegen en yn de Noardsee en de Waadsee telâne kamen, is opholden. De Waadferiening is poer omdat er noch fyftich konteners en de ynhâld dêrfan net fûn binne. "Onbegrijpelijk dat er niet meer wordt gedaan", seit Ellen Kuipers.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"Minister Cora van Nieuwenhuizen heeft naar aanleiding van vragen van GroenLinks op 10 mei nog geantwoord dat er nog 1 miljoen kilo rommel in zee ligt en dat het nog maanden gaat duren voordat dit opgeruimd is", seit Kuipers. "Twee weken later wordt de berging stopgezet. Dat is toch niet te geloven?"

De eigener fan it skip, rederij MSC, sei earder ta dat alle konteners en de folsleine ynhâld út de Noard- en Waadsee opfiske wurde soe. Goed in moanne lyn kaam der al in ein oan de grutskalige berging. Dêrnei sochten twa lytsere skippen noch fierder, mar dy binne yntusken ek opholden.

Hieltyd minder nei bergingsbedriuw

Dêr baalt Kuipers dus fan: "Er missen ook nog vijftig containers. Ik zag al dat er een paar weken steeds minder afval naar het bergingsbedrijf in Harlingen werd gebracht en heb contact opgenomen met Rijkswaterstaat. Ze zeiden dat het afval pas na het verwerken echt geregistreerd wordt, maar nu blijkt dat ze al flink aan het afschalen waren."

"De berger wordt betaald door MSC Zoe en die hebben kennelijk de opdracht gegeven om te stoppen met de berging", seit Kuipers.

Ellen Kuipers fan de Waadferiening oer de berging fan de kontenerynhâld fan de MSC Zoe

Takom wike stiet der in oerlis pland tusken de Waadferiening en Rykswettersteat. "Dan zullen we dit zeker aan de orde stellen", seit Kuipers. "En we dringen er bij GroenLinks op aan om opnieuw vragen te stellen aan de minister. Het is ongelofelijk dat twee weken na de antwoorden de berging gestopt wordt."

In grut diel fan de konteners is wol weromfûn, mar dat seit Kuipers neat: "De meeste containers of delen daarvan zijn geborgen, maar de inhoud ligt nog op de bodem van de zee. Eind juni komt er nog wel een pilot met vissers die de bodem schoonmaken. Maar die vissers bieden al maanden hun hulp aan. Ejn dan gaan we na vijf maanden nu nog een pilot doen. Er had al een heleboel opgeruimd moeten zijn. Dit vind ik heel triest en ik heb er geen woorden voor zoals het nu gaat. Hoe sneller je de rommel bergt, hoe meer je eruit kunt halen. Dit gaat erg traag en ook niet op de juiste manier."

De rederij lit witte dat der mear bergingsoperaasjes komme. "MSC wil in overleg met de autoriteiten beslissen wanneer het werk als voltooid kan worden beschouwd", skriuwt it bedriuw oan RTL.

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp berging
(Advertinsje)
(Advertinsje)