30 kear de HT Race roeie: "Je moatte wol in bytsje gek wêze"

Al sûnt 1946 wurdt tusken Harns en Skylge roeid en syld by de HT Race. Fan alle dielnimmers soe Jellie Tichelaar soe wolris de roeister mei de measte ûnderfining wêze kinne, want dizze freed die sy foar de tritichste kear mei.
© Omrop Fryslân
"Je moatte wol in bytsje gek wêze om de race tritich kear te roeien. It gong geweldich, wy ha moai roeid." Swier wie dizze edysje wol, fynt Tichelaar. "Der stie aardich wat wyn, dus dan is it eltse slach wer neitinke hoe't de je de riem yn it wetter stekke."
"Wy ha der ûngefear 3 oeren en 50 minuten oer dien", seit Tichelaar. "Dat is gjin rekôr. Myn rapste tiid wie trije oeren en in pear tellen, myn stadichste seis en in heal oere."
Jellie Tichelaar oer har tritchste HT Race
© Omrop Fryslân
"It roeien wie net spesjaal, mar de oandacht wol. Sy ha in spesjaal T-shirt meitsje litten, dat is wol hiel bysûnder." Der sil nei alle gedachten noch wol in 31e kear komme, tinkt Tichelaar. "Mar ûnderweis ha ik dit kear wol tocht, miskien is dit myn lêste wol."