Antonius Zorgroep skriuwt wol posityf resultaat

31 maaie 2019 - 19:21

De Antonius Zorggroep, mei in sikehûs yn Snits, hat yn 2018 in posityf resultaat boekt fan 4,8 miljoen euro. It is it twadde jier efterinoar dat de soarchgroep swarte sifers skriuwt. Yn 2017 wie der in saldo 4,5 miljoen euro yn de plus.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De Antonius Zorggroep krige yn 2018 mear pasjinten nei it fallisemint fan de MS IJsselmeerziekenhuizen yn Emmeloord. Ek is der mear sjoen nei de behearsking fan de kosten. Der sil de kommende jierren ynvestearre wurde kinne yn meiwurkers, medyske apparatuer en e-health.

De kommende jierren wurket de soarchgroep ek om mear soarch oan te bieden by de minsken thús, seit Sandra Timmermans fan de Ried fan Bestjoer. "Zorg in het ziekenhuis als het moet, thuis als het kan. We gaan dit doen met onze eigen mensen, binnen onze eigen organisatie, met ziekenhuis en thuiszorg."

MCL

Earder op freed waard bekend dat it Ljouwerter sikehûs MCL just miljoenen besunigje moat om út de reade sifers te kommen. It MCL makke in ferlies fan 2,3 miljoen euro oer 2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)