Boargemaster Dantumadiel: "We moatte no gewoan drastyske maatregelen nimme"

31 maaie 2019 - 18:57

Boargemaster Klaas Agricola wurdt net senuweftich fan it rekôrtekoart yn syn gemeente Dantumadiel. Dat seit er yn in reaksje op útspraken fan CDA-riedslid Jan Jitse Visser, dy't tinkt dat de takomst fan de gemeente gefaar rint troch it tekoart.

Foto: Gemeente Dantumadiel

It tal kliïnten yn de jeugdsoarch is ferline jier mei 22 persint tanommen yn Dantumadiel. Dêrtroch hat de gemeente ien miljoen mear útjaan moatten. Ek nei de WMO gie 1 miljoen ekstra, omdat folle mear minsken stipe krije út dy Wet Maatschappelijke Ondersteuning. Wethâlder Rommy Kempenaar sei earder dizze wike al dat de gemeente bot yngripe moatte sil.

"Hy sei dêrby ek dat it kolleezje mei in 'herstelplan' komt", seit Agricola. "Mar ferjit net: de problemen mei it sosjaal domein spylje net allinnich yn Dantumadiel, mar yn eltse gemeente."

CDA-riedslid Visser tinkt dat de opsje om mei Noardeast-Fryslân te fusearjen wer op tafel komt. Yn 2016 besleat Dantumadiel noch om net oan dy nije fúzjegemeente mei te dwaan, dy't no bestiet út de eardere gemeenten Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel. "De polityk yn Dantumadiel hat hjir in oantal jier lyn in kar makke om selsstannich te bliuwen en amtlik gear te wurkjen", seit Agricola dêroer.

Problemen wurde allinnich mar grutter

Ien ding is dúdlik: der moat op koarte termyn yn alle gefallen wat barre. "We moatte no gewoan drastyske maatregelen nimme", seit Agricola. "As it 'herstelplan' ynkoarten klear is, lizze we it pakket foar oan de ried. Dy moat dan in beslút nimme oer hoe't it plan útfierd wurdt." Gewoan trochgean is yn elts gefal gjin opsje: "De problemen yn it sosjaal domein lykje allinnich mar grutter te wurden. Alle gemeenten ha ekstra jild nedich om dwaan te kinnen wat moat."

Der binne gemeenten dy't noch lytser binne en dy rêde it ek. Dus wêrom soene wy it net rêde?

Boargemaster Agricola fan Dantumadiel

Wat Agricola oanbelanget is der wol in takomst foar Dantumadiel as selsstannige gemeente: "Dantumadiel is gjin grutte gemeente, mar der binne gemeenten dy't noch lytser binne en dy rêde it ek. Dus wêrom soene wy it net rêde? We sjogge dat ús ynwenners de lytsskalichheid hiel bot wurdearje. En we binne der úteinlik foar de boargers yn de gemeente."

(Advertinsje)
(Advertinsje)