Soargen oer wenningbou en duorsumheid yn Achtkarspelen

31 maaie 2019 - 18:42

De CDA-fraksje yn Achtkarspelen lûkt by it kolleezje oan de bel oer de wenningbou en de ûntwikkelingen yn de doarpen yn de gemeente. Oanlieding foar de fragen is in brief dy't de fraksje fan de federaasje pleatslik belang Achtkarspelen krigen hat.

De riedseal fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Wylst der yn oare gemeenten in soad fernijd en boud wurdt, is dat neffens de federaasje yn Achtkarspelen net it gefal. Benammen yn de kearnen, mar ek yn de oare doarpen fan de gemeente, is ferlet fan mear wenromte foar bygelyks senioaren en minsken mei in beheining.

Duorsumheid

Ek op it mêd fan duorsumheid is noch genôch te ferbetterjen. Sa soene de aktive wenningbouferieningen yn Achtkarspelen te min dwaan om harren wenromte enerzjysunich en duorsum te meitsjen.

It CDA yn Achtkarspelen wol no fan it kolleezje witte oft der konkrete stappen nommen wurde om feroaringen trochfiere te kinnen.

Trefwurden: 
CDA Achtkarspelen wenningbou
(advertinsje)
(advertinsje)