Kuieralvestêdetocht dei 4: Andrea Volbeda

31 maaie 2019 - 18:04

De Kuieralvestêdetocht is wer úteinset. Tiisdei binne 650 kuierders begûn oan de grutste kuiertocht fan Fryslân. Fia WhatsApp hawwe wy alle dagen kontakt mei in oantal kuierders. Sy litte ús meisjen hoe't sy de 'tocht der tochten' belibje. Freed is dei nûmer fjouwer en wy WhatsAppe mei Andrea Volbeda.

Andrea hat de finish by Warkum helle ôfrûne woansdei - Foto: Eigen foto

As selsstannich wurkjend kok fan in restaurant yn Frjentsjer wit Andrea wol hoe't it is om de hiele dei op har fuotten te stean. Al fytsend hat sy it alvestêderûntsje alris makke. Soe it har kuierjend ek slagje?

Fia WhatsApp hâldt Andrea ús op de hichte fan har kuiertocht. Hjirûnder kinne jo dit WhatsApp-petear besjen. Klik earst op 'Enter Story', dan op 'Meet your interviewees' en as lêste op Andrea har namme. No kinne jo meisjen mei ús WhatsApp-petear mei Andrea. Jo kinne alle kearen klikke op de blauwe tekstballon ûnderyn om fierder te gean yn it WhatsApp-petear.

Brûkers fan de Omrop-app kinne it WhatsApp-petear sjen fia dizze link.

Fan tiisdei 28 maaie oant en mei sneon 1 juny is de Kuieralvestêdetocht. Oan de tocht, dy't fiif dagen duorret en yn totaal 207 kilometer lang is, dogge 650 kuierders mei. Alle dagen hawwe wy fia WhatsApp kontakt mei in oantal kuierders dy't ús op de hichte hâlde fan harren kuier troch de alve Fryske stêden.

(advertinsje)
(advertinsje)