Ien attraksje minder op Rypster Merke nei ynsidint by proefdraaien

By it proefdraaien fan de attraksjes op de Rypster Merke yn Dronryp hat der in ynsidint west mei twa attraksjes. "Se ha by it proefdraaien sjoen dat it net goedkaam", seit Thomas Frijling fan de organisaasje. It giet om de 'booster', in attraksje fan sechstich meter heech en om de nije sweef op fjirtich meter hichte. Dy sweef stiet der no net mear.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Omstanners op it keatsfjild, dat njonken it plak fan de merke leit, sizze dat se tongersdei in klap hearden by it proefdraaien. De twa attraksjes soene elkoar rekke ha. Dat smiet gjin ferwûnen of swiere skea op, mar it wie wol dúdlik dat de sweef ferpleatst wurde moast. "Se stiene te ticht opinoar", fertelt Frijling. By it ferpleatsen fan de sweef is in kabel brutsen en dêrom stiet dy attraksje der no hielendal net mear.
"Dat is wol in lytse domper", seit Frijling. "It soe de kers op de taart wêze. Mar we ha no noch hieltyd ien grutte topattraksje fan sechstich meter heech. Dat is unyk foar in doarp as Dronryp."

Supergrutsk op 'bêste merke'

De Rypster Merke waard dit jier útroppen ta bêste merke fan it lân. Frijling: "Dêr binne we supergrutsk op. It is in grutte plom foar it wurk dat troch de frijwilligers ferset wurdt. En we binne ekstra grutsk om it grutte tal attraksjes dat we hjir ha. Der bliuwe noch 25 attraksjes oer, dat is fantastysk."