Stedsbuorkerij by Snits hâldt iepen dei

31 maaie 2019 - 17:37

Hieltyd mear boerepleatsen komme leech te stean. Der is gjin opfolger, of de boer hâldt der mei op. Ek yn Loaiïngea, krekt ûnder Snits, stiet sa'n pleats, dêr't net mear buorke wurdt. Johannes Lancester en syn frou Herma Lenten binne hurd dwaande om der tegearre in stedsbuorkerij fan te meitsjen.

It is de jongesdream fan Lancester om in plak te kreëarjen, dêr't minsken efkes ûntspanne kinne. En dêr't se leare oer natoer, duorsumens en iten.

It stel sit noch mei de gemeente om tafel oer it bestimmingsplan. Dochs wienen minsken freed wolkom op de iepen dei fan de stedsbuorkerij. De Ploegstra's, de buorlju fan twa pleatsen fierderop, fine it moai dat der in nije bestimming komt. Sy kochten 35 jier lyn ek in buorkerij, mar waarden gjin boer.

Besikers krije rûnlieding op it hiem fan de stedsbuorkerij - Foto: Omrop Fryslân

Johannes Lancester fertelt wêrom't hy sa graach in stedsbuorkerij begjinne wol

Besikers op de iepen dei fertelle wat se fan de plannen fan de stedsbuorkerij fine

Omrop Fryslân-kollumnist Botte Jellema is opgroeid op de boerepleats. Harkje hjir nei syn ferhaal 'Sibbe'.

Trefwurden: 
stedsbuorkerij Loaiïngea
(Advertinsje)
(Advertinsje)