Ek yn Fryske plakken wurde besikers folge mei wifitracking

Ek yn ferskate Fryske plakken wurdt it winkeljend publyk folge mei help fan wifitracking. Yn gruttere plakken lykas Ljouwert, Snits, Drachten en It Hearrenfean wurde passanten folge as syn yn it sintrum binne. Dat bart ek yn Kollum, Grou, Balk en Surhústerfean.
© Gemeente Amsterdam / Gemeente Enschede
De Volkskrant komt freed mei it ferhaal dat tsientallen gemeenten yn Nederlân it publyk folgje. Twa grutte partijen yn Nederlân, CityTraffic en Locatus, dogge dat yn opdracht fan gemeenten of kommersjele partijen.

Krityk

De Autoriteit Persoonsgegevens is kritysk oer wifitracking. Yn desimber seine sy dat der gjin redenen binne dat it folgjen fan winkeljend publyk rjochtfeardiget. Guon gemeenten binne dermei ophâlden, mar lang net oeral, want der steane noch in soad plakken op de list fan CityTracking.
Yn guon gemeenten wurde minsken mei buorden warskôge dat sy folge wurde.