Marijke Groenewoud en Maya de Jong Nederlânsk kampioen skeelerjen

31 maaie 2019 - 21:10

Marijke Groenewoud fan Hallum hat yn Wervershoof (Noard-Hollân) de Nederlânske titel pakt op de 500 meter skeelerjen. De sulveren medalje gie nei Maya de Jong fan Haulerwyk. Sy wûn in pear oeren letter goud op de ôffalkoers.

Foto: Neeke Smit / Timsimaging.nl

Njonken Groenewoud en De Jong stie ek Monique Klijnstra út Sint-Jânsgea oan de start fan de 500 meter. Sy ried yn it begjin sterk fuort, mar Lianne van Loon naam it oer. Van Loon makke lykwols in misslach, wêrtroch't de rest fan it peloton se wer byhelje koe.

Maya de Jong en Lianne van Loon striden mei-inoar om de kopposysje en dêr profitearre Groenewoud fan. Sy kaam as earste oer de streek.

Offalkoers proai foar De Jong

De Jong wie mei ôfstân de sterkste op de ôffalkoers, al fernimt se wol dat de konkurrinsje har hieltyd mear yn de gaten hâldt. "Daardoor moet ik tactisch koersen. Dat heb ik gedaan deze afvalkoers en dat pakte goed uit." It talint út Haulerwyk is noch mar 20 jier. Dochs kin se de striid mei de konkurrinsje oan. "Van mijzelf ben ik altijd wel redelijk tactisch geweest en met mijn ervaring vorig jaar tijdens het EK in Nederland is dat alleen maar beter geworden."

Yn de lêste ronde naam De Jong ôfstân fan Berber Vonk (út Appelskea) en Elsemieke van Maaren, dy't twadde en tredde waarden.

Foto: Neeke Smit / Timsimaging.nl

By de ôffalkoers foar manlju wie it sulver foar Ruurd Dijkstra fan Nijeholtwâlde en waard Westereender Harm Visser tredde. Dijkstra ried sterk en wûn hast, mar yn de lêste bocht waard er ferslein troch Luc ter Haar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)