Friezinne Cisca Wijmenga wurdt earste froulike rektor RUG

31 maaie 2019 - 15:07

Cisca Wijmenga út Drachten wurdt de earste froulike rektor magnifikus ea oan de 405 jier âlde Ryksuniversiteit Grins (RUG). Se is mei yngong fan it takom akademysk jier (septimber 2019) de opfolger fan Elmer Sterken, dy't nei acht jier ophâldt.

Foto: Ryksuniversiteit Grins

De 55-jierrige Wijmenga is heechlearaar genetika. Se wurdt beneamd foar in perioade fan fjouwer jier. "Met Cisca Wijmenga komt er een gelauwerde academica aan het stuur van ons onderwijs en onderzoek", seit Tjibbe Joustra, de foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch.

Yn 2015 wûn Wijmenga de Spinozapreemje foar har wurk yn de wittenskip. Dat is de wichtichste Nederlânske ûnderwiispriis.

Earste Fryske rektor magnifikus sûnt 1998

Wijmenga wurdt de earste Fryske rektor magnifikus oan de RUG sûnt Folkert van der Woude út Snakkerbuorren, dy't dat fan 1994 oant 1998 wie.

(advertinsje)
(advertinsje)