Skriuwster en dichteres Berber van der Geest (81) ferstoarn

Skriuwster Berber van der Geest is ôfrûne tiisdei yn 'e âldens fan 81 jier ferstoarn yn Boalsert. Van der Geest skreau ûnder mear berneboeken en wûn ferskate prizen, wêrûnder de Rely Jorritsmapriis en de Simke Kloostermanpriis. Njonken it skriuwen, it dichtsjen en it skilderjen stie Van der Geest ek jierren foar de klasse.
© Jan Kalma
De skriuwster waard yn 1938 berne yn Ljouwert. Se groeide op yn in artistike famylje en woe nei de ulo-skoalle graach nei de keunstakademy. Uteinlik besleat se in oplieding ta beukerliedster te folgjen en kaam se yn it ûnderwiis te wurkjen. Njonken har wurk studearre se troch en helle se akten foar tekenjen en Frysk.
Van der Geest makke har debút as dichteres yn 1976; har earste fersebondel Der binne fan dy dingen kaam út yn 1975. Se wie ek aktyf op it mêd fan toaniel en teäter en dêrnjonken skreau se lietteksten. Foar har ienakter Frij krige se yn 1974 de provinsjale toanielpriis.

Berneboeken

Har earste berneboek It âld kammenet ferskynde yn 1983. Bartele Bûse kaam út yn 1988 en De Kilekanen, skreaun as aksjeboek foar de berneboekewike, yn 1994. De twa boeken binne yllustrearre troch Laura Lava. Foar dy boeken krige se de Simke Kloostermanpriis, mar ek ynternasjonale erkenning.