Freedsmerk oer de simmerwaarfoarsizzing fan Piet Paulusma

31 maaie 2019 - 14:01

"Met het voorspellen van het weer weet je het nooit, Het kan vriezen en het kan dooien...", dat wie ien fan de - ûnbedoeld grappige - reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de simmerwaarfoarsizzing fan Piet Paulusma. Neffens Piet krije we in simmer mei in soad waarmte en sels in hjitte-weach, mar ek perioaden mei in hiel soad reinwetter.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De reaksjes wiene wikseljend: "We hiene neffens Piet eins ek in horrorwinter ha moatten, soene we dan no wol ècht sa'n tropyske simmer krije?" De merkkeapman dy't benammen huning ferkeapet hopet op wat minder drûchte: "Ik wie samar troch de heide-huning hinne, dêr kaam ferline jier troch it drûge waar folle minder fan."

De tasseman stelde fêst dat we yn ús lân geregeld fjouwer seizoenen yn ien dei ha: "Ik neem zo'n voorspelling met een grote korrel zout." Der kaam ek in mear ynhâldlike reaksje: "Dy lange termynfoarsizzings kinne hiel skealik wêze. Nim no de blomkemerk fan tongersdei. Ferline wike waard sein dat der op Himelfeartsdei njoggen milimeter reinwetter komme soe, dan meitsje minsken oare plannen. Mar we hiene moai drûch waar. Spitich foar al de minsken dy't der net by wiene, en foar de keaplju!"

Freedsmerk oer de simmerwaarsfoarsizzing fan Piet

Trefwurden: 
Piet Paulusma freedsmerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)