Boargemaster Waanders slút pân yn Frjentsjer fanwege hannel yn harddrugs

31 maaie 2019 - 13:32

Boargemaster Waanders fan de gemeente Waadhoeke hat in pân oan de Laene yn Frjentsjer foar in jier sluten. Yn desimber 2018 trof de plysje der in protte harddrugs oan.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

Ut ûndersyk fan de plysje docht bliken dat der fan út dit pân hannele waard yn harddrugs. De drugshannel jout oerlêst en makket de omjouwing ûnfeilich. Dêrom hat de boargemaster it pân no foar in jier sluten. Mei it sluten fan it pân wol de boargemaster in sinjaal ôfjaan.

Trefwurden: 
Frjentsjer Waanders drugspân
(advertinsje)
(advertinsje)