Fryske skriuwer Erik Betten wint lanlike priis mei thrillerdebút

31 maaie 2019 - 13:15

Skriuwer en sjoernalist Erik Betten út Dronryp hat in lanlike priis wûn mei syn boek 'Quarantaine'. Hy krige de Schaduwprijs 2019 útrikt, in priis fan 2.000 euro foar it bêste thrillerdebút.

Foto: Uitgeverij Luitingh-Sijthoff

Betten is sjoernalist foar it Friesch Dagblad en skreau earder al boeken oer skiednis en keunst en kultuer. Hy debutearre ferline jier as thrillerskriuwer mei 'Quarantaine', dat him ôfspilet yn Fryslân en Grinslân mei ferhaallinen oer de gaswinning en it ûnbegryp tusken de Rânestêd en it Noarden. Der wiene trije nominearren foar de Schaduwprijs. Betten wie ferrast doe't er as winner út de bus kaam. "Ik rekkene der net echt op, dus ast dan dyn namme hearst, tinkst fansels wol even fan 'Yes!'."

De sjuery priizge it fakmanskip fan Betten en de spanning dy't fan it begjin ôf yn it boek sit. In krityske noat wie der foar it gebrûk fan it Frysk yn it boek en dat Betten dat net oerset hie. "Ik hie it mei opset wol sa brûkt dat minsken dy't it Frysk net kinne, wol snappe wat der ûngefear stean moat. Mar ik hie der net rekken mei hâlden, it binne miskien yn totaal tweintich sintsjes yn it hiele boek, dat dêr dochs safolle krityk op komme soe."

Nije wike sneon 8 juny ferskynt de twadde thriller fan Betten, dy't tapaslik 'De prijs' hjit.

Presintator Karen Bies yn petear mei skriuwer Erik Betten

(Advertinsje)
(Advertinsje)