Drachtster Lyceum rekket fan fjouwer learlingen eksamens kwyt

31 maaie 2019 - 12:05

It Drachtster Lyceum hat by de eksamens keunstskiednis in grutte flater makke. De eksamenformulieren fan fjouwer havo-learlingen binne per ûngelok by it âld papier telâne kommen. Hoe't dat krekt barre koe, wurdt noch útsocht, seit rektor Audrie Nieborg fan de skoalle.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De learlingen makken it eksamen keunstskiednis op 22 maaie. It giet om de eksamens fan de fjouwer learlingen dy't as earste it eksamen klear hiene en de formulieren ynlevere hawwe. Neffens rektor Nieborg, is it yn de eksamenseal mis gien. "Het werk is op een andere stapel beland en zo bij het oud papier terecht gekomen en uiteindelijk is het vernietigd."

Ferkearde steapel

Ast foar it lêste heal oere fan de eksamentiid klear bist, dan meist de eksamenseal ferlitte. De learlingen moasten harren eksamen en kladbriefkes by de haadtafersjochhâlder ynleverje. Dêr waard it eksamen fan it kladwurk skieden en op in steapel lein. Nei alle gedachten is it dêr misgien.

Doe't de dosint de eksamens ferline wykein neisjen woe, kaam se der efter dat der fjouwer fuort wiene. Nei't se yn har eigen papieren neat fûn, hat se moandei op skoalle fierder socht. Se moasten hast wol by it âld papier terjochte kommen wêze. "Maar het oud papier was op maandagochtend al opgehaald", seit Nieborg.

Eksamens oerdwaan

Yntusken binne de troffen learlingen en harren âlders ynformearre. De gefolgen foar de learlingen binne ferfelend: sy moatte it eksamen keunstskiednis oerdwaan. De datum is fêststeld op 19 juny.

De útslach fan alle lanlike eksamens is op 12 juny. Dizze fjouwer learlingen krije dan wol berjocht oer de oare eksamens, mar witte dus net oft se slagge binne.

De diplomaútrikking fan it Drachtster Lyceum is op 5 july. Dan is ek de útslach fan de fjouwer troffen learlingen bekend en kinne se, as alles goed ôfrûn is, ek har diploma krije.

De skoalle hat in melding oer it ynsidint dien by de ûnderwiisynspeksje.

Audrie Nieborg, rektor fan it Drachtster Lyceum

(Advertinsje)
(Advertinsje)