Lippenhúster (39) oanhâlden foar mishanneling befeiligers op oldtimerevenemint

31 maaie 2019 - 11:11

By in oldtimerevenemint yn Hoarnstersweach binne tongersdeitejûn twa befeiligers mishannele en licht ferwûne rekke. De plysje hat dêrfoar in 39-jierrige man út Lippenhuzen oanhâlden.

Foto: Srfotografie

De plysje krige tongersdeitejûn in melding fan de befeiliging fan it evenemint yn Hoarnstersweach. Der wiene twa befeiligers mishannele troch in man en oare befeiligers waarden bedrige.

Doe't de plysje arrivearre, koene se de man ynrekkenje. Mooglik wie der ek in twadde fertochte by de mishanneling belutsen, mar dy koe net mear efterhelle wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)