Twa manlju oanhâlden by Earnewâld foar bedriging mei fjoerwapen

31 maaie 2019 - 10:22

By de wapene oanhâlding yn Earnewâld hat de plysje tongersdeitejûn twa manlju oppakt. It giet om in 45-jierrige man út Grins en in 48-jierrige man út Assen. It twatal wurdt fertocht fan bedriging mei in fjoerwapen, earder tongersdei yn Ljouwert.

Foto: Pro News

De plysje krige tongersdeitejûn in melding fan in bedriging yn Ljouwert. Dêrby waard ek in fjoerwapen sjoen. De fertochten naaiden út yn in auto, mar dy koe net folle letter trasearre wurde. Meardere plysje-auto's setten úteinlik de efterfolging yn. By Earnewâld koe de auto ûnderskept wurde.

Wapen

Om't de fertochten mooglik in fjoerwapen by har hiene, hat de plysje de wapens lutsen om de manlju oan te hâlden. Yn 'e omjouwing waard letter in fjoerwapen fûn yn in tún. De plysje docht dêr noch ûndersyk nei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)