Tritich jier sparje, en no is it sa fier: in groep freonen sil keatse yn New York

Jierren lyn kamen se op it idee om te keatsen yn Central Park, en dit wykein sil it lang om let heve. Se ha der even foar sparje moatten, mar de freonegroep út Wergea is no op it fleantúch stapt nei New York.
© Flickr, xeddix
It idee ûntstie tritich jier lyn. "Wy gongen yn dy tiid regelmatich op stap. Doe sei der ien: 'It liket my moai om moarns mei de Concorde nei New York te gean, dan keatste yn Central Park, mei de Concorde werom, en dan sneontejûn gewoan wer nei de kroech", seit Egon Sinnema. Hy is ien fan de freonen.
Egon Sinnema oer it plan om te keatsen yn Central Park
De Concorde wie in supersonysk fleantúch dat yn trije oeren fan Europa nei Amearika gong. It fljocht ûndertusken al lang net mear, mar de freonen ha it plan dochs trochset.

Tritich jier sparje

It wie wol in djoere grap, seit Sinnema. "We ha alle moannen in tientsje ynlein, dus wy ha wol 30 jier sparje moatten."
De freonen binne der hielendal klear foar. "In boppeline hoege wy net, want sa fier komme wy net mear", seit Sinnema, "mar we ha al in pear lyntsjes mei, in pear blokjes, wat krammen, in pear keatsballen en elts in want. En it skynt dat der wol gers is."
Kommende moandei of tiisdei sil it safier wêze. Spanning ha se net. "Wy binne der hielendal op taret, we ha der tritich jier nei ta wurkje kinnen."