Rinnend Brahmskonsert yn de iishockeyhal fan Thialf

31 maaie 2019 - 16:13

In klassyk orkest sûnder dirigint dat net op stuollen sit, mar omrint om kontakt te meitsjen mei it publyk. Dat is it Stegreif Orchester út Berlyn. Dit 30-koppige orkest spilet sûnder blêdmuzyk en net yn in swart pak, mar yn frijetiidsklean. Tongersdeitejûn wie it selskip foar it earst bûten Dútslân te bewûnderjen yn de iishockeyhal fan Thialf op It Hearrenfean.

Sa'n 600 muzykleafhawwers koene rinnend en steand genietsje fan de tredde symfony fan Johannes Brahms, mar dan oars. Under de namme #freeBrahms bringt it Stegreif in eigen bewurking fan de tredde symfony fan Brahms mei ek romte foar jazz en ymprovisaasje. Stegreif stribbet sa nei in hiel oare 'klankbelibbing' en 'konsertûnderfining'.

Op skates

In bysûndere rol wie weilein foar de Spaanske sellist Davide, want hy makke muzyk op inline-skates. "Doe't ik seach dat wy yn in iishal spilen, haw ik alles op alles set om skates yn myn maat te finen, Dizze kâns woe ik net rinne litte."

De orkestleden rinne in soad ûnder it muzykmeitsjen - Foto: Omrop Fryslân

It optreden wie it alderearste optreden fan it Stegreif Orchester bûten Dútslân en dêrom net ûnbelangryk. It Stegreif Orkest is dit jier it saneamde 'orkest in residence' op it Oranjewâld festival en is sadwaande de kommende dagen noch ferskate kearen te hearren en te sjen.

Muzyk tichteby bringe

It publyk wie tongersdeitejûn goed te sprekken oer de prestaasjes fan it Stegreif Orkest. "Ik fyn it machtich, want je sitte der midden yn!", sei ien fan de besikers nei ôfrin. "It is wol apart, want ik ha wol oardel oere rûn. Dat hawwe je oars net by klassike muzyk, en seker net by Brahms", seit Jan de Vries út Grou.

Foar de orkestleden wie it ek bysûnder. "Wy besykje klassike muzyk tichteby te bringen", fertelt de Frânske fioeliste Nina. "Tichter by ússels, tichter by dizze tiid en tichter by it publyk. It jout in hiel oare enerzjy as de hele jûn op in stoel sitte."

Snein wer

Takom snein spilet it orkest ûnder de namme #freeBrahms nochris yn Thialf.

Ferslachjouwer Onno Falkena wie by it konsert

(Advertinsje)
(Advertinsje)