Kollum: "It is de ko al likefolle"

"Jierren ferlyn wie ien fan ús katten swier. Ik hie in doaske foar poes neist de kast setten en doe't it safier wie, gong se dêr yn. Se krige twa jonge poeskes. Ik wie der by en it gong allegearre goed.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Ik ha my der oer fernuvere want it wie de earste kear dat ik soks seach by in poes. No ja, út myn eigen poes binne ek fjouwer jongen rûgele en dêr wie ik ek sels by, mar dochs koe ik dat barren minder goed sjen as by de kat. De kat is dus no de poes, ik hoopje dat it sa in bytsje dúdlik is.
De kat wie der earder klear foar as wy tochten en wie ús in slach foar, want wy soene har helpe litte. Mar it hiele skoft foar, ûnder en nei de seks mei de boarre hat se nea foarljochting hân. Gjin boeken lêzen, gjin 'blije doos' en kreampakket krigen en sels net iens in koarte útiensetting fan de bistedokter oer wat se allegearre ferwachtsje koe.
Se krige de poeskes en hat har dêr hielendal sels mei rêden. We hawwe ek ris in kat hân dy't dêr mear muoite mei hie. Dat wie Natasja, mar sy wie neffens my sa ûnwis omdat har earste kear yn sêne setten wie. Se wie in raskat en moast dutsen wurde, dus it natuerlike proses wie eins troch minsken fersteurd. Sy is by ús al op in natuerlike manier swier rekke, mar wie hiel ûnwis doe't se de de poeskes krige. Mei wat help kaam dat lokkich goed en waard se in hiele leave mem.
Bisten hawwe dus ornaris folle minder drokte as it om soks giet. Fansels giet it ek wol ris mis, mar ik tink dat it meastal troch de bemuoienis fan de minske komt. Wy miene mar dat we alles better witte en fokke hûnen en katten mei sokke platte snuten dat se amper mear sykhelje of ite kinne en guon lju brûke teven foar de breafok mei alle ellinde dy't dêr efterwei komt.
Der is sa stadichoan ek net in ko of in merje mear dy't op in natuerlike manier dutsen wurdt want dy wurde ek folsjeesd troch de minske. It skynt better te wêzen, mar ik ha betiden wolris myn twivels. Ik moat ek tajaan dat ik der net in soad ferstân fan ha, fierder, mar hoe kinne wy no ea tinke dat we it better witte as in oar en as de natuer?
Wy witte dus skynber foar in hiel soad bisten wat it bêste is, mar as we sels bern krije, witte we neat en komt de help út alle hoeken. In rûnlieding troch it sikehûs, boeken mei tûzen fragen oer de njoggen moannen, help by de befalling en regelmjittige kontrôles.
Nei de befalling in baakster, immen dy't helpt mei de boarstfieding en nei it konsultaasjeburo. Ik ha it sels ek allegearre dien, hear en ha de tûzen fragen ek mear as ien kear lêzen. Mar nei it sjen fan de berte fan de poeskes yn 'e doaze, begriep ik net wêrom't wy dat stikje ynstinkt kwyt rekke binne en ús sels net mear rêde kinne.
En as wy ússels al net rêde kinne, hoe sille wy dan foar in bist bepale wat goed is? Ik tink earder dat wy noch in protte fan de bisten leare kinne. Wy wolle alles manage, miene dat we oeral mear ferstân fan ha en dochs hat in bist ek gefoel! Dus ik hoopje dat se dan teminsten mei leafde en respekt ynseminearre wurde. Mar miskien is it de ko yntusken ek wol likefolle, oft de boer it no docht as de bolle."