PietCast #19: "It wurdt de simmer fan de waarmte, hjitte en de buien"

31 maaie 2019 - 08:17

Alle jierren komt Piet Paulusma mei in foarsizzing foar de simmer. Yn de PietCast, prate Piet en Wim Brons dizze kear oer Piet syn ferwachting foar de simmer. Wurdt it wer sa'n ekstreme simmer as ferline jier? Wer in kertierke legedruk waarpraat yn dizze PietCast.

Yn de njoggentjinde PietCast sjocht Piet foarút op it waar de kommende simmer. De streamingspatroanen fan de ôfrûne winter en no yn de maitiid sjogge der hiel oars út as ferline jier. Dat hat er meinaam yn syn foarsizzing.

PietCast #19: de simmerfoarsizzing fan Piet Paulusma

"It wurdt de simmer fan de waarmte, hjitte en de buien", seit Piet. "Dat is dan lanlik. Fryslân is wat minder gefoelich foar dy swiere buien, mar dochs sil Fryslân it dizze simmer ek net ûntrinne."

Ek sil der dizze simmer in protte sinne wêze, seit Piet. "Wy krije in flink tal strândagen en waarme broeierige jûnen."

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Piet sjochst Frânske ynfloeden fan it klimaat by ús. "Yn it suden fan it lân kinst it klimaat al hast fergelykje mei it klimaat fan Súd-Frankryk."

Oft it delslachtekoart oplost wurde sil, dêr kin Piet noch neat oer sizze. "De swiere buien komme dizze simmer wol yn it nijs. Mar we moatte noch 260 mm ynhelje, dan moat der noch hiel wat barre."

De PietCast is te finen op iTunes en Spotify. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. En mear oer it waar stiet op Omropfryslan.nl/waar.

(advertinsje)
(advertinsje)