Jonge te dronken om Ljouwerter kroech út te rinnen

In 19-jierrige ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân wie freedtemoarn betiid sa dronken, dat er in kroech út tild wurde moast. Dat wie oan it Ruterskertier yn Ljouwert. Bûten foel er tsjin in ôfsetstek yn sliep.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It slagge de plysje net om de jonge wer wekker te krijen. Dêrop waard syn mem frege him op te heljen. Doe't dy oankaam waard de jonge mei muoite yn har auto set. Dêr spuide er ferfolgens de boel ûnder.
Neffens de plysje wie de mem 'niet onder de indruk van zijn dronkenschap'.