Jan Jitse Visser: "Takomst Dantumadiel stiet faai troch rekôrtekoart"

31 maaie 2019 - 06:27

De takomst fan Dantumadiel as selsstannige gemeente rint gefaar troch it rekôr-tekoart fan dy gemeente oer begruttingsjier 2018. Dat tinkt fraksjefoarsitter Jan Jitse Visser fan opposysjepartij CDA yn Dantumadiel. De gemeente komt oer 2018 3,9 miljoen tekoart.

It gemeentehûs fan Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Visser hâldt der rekken mei dat de provinsje Fryslân yngripe sil en dan komme nei alle gedachten alle opsjes op tafel, ek dy fan in mooglike bestjoerlike fúzje mei Noardeast-Fryslân. Mar Visser hâldt ek rekken mei it mooglik 'opknippen' fan de gemeente Dantumadiel, lykas dat yn it ferline ek barde mei it finansjeel earmlestige Boarnsterhim, wêrby't de doarpen ferdield wurde tusken de buorgemeenten.

"Feanwâlden is dúdlik it meast op Tytsjerksteradiel rjochte, De Westereen hat mear mei Twizelerheide en de heidedoarpen en Damwâld leit ticht by Dokkum." It is net in senario dat de foarkar hat fan Visser, mar as it gemeentebestjoer fan Dantumadiel de finansjele problemen net gau oplost, dan kin it der samar fan komme, tinkt Visser.

Bysûndere konstruksje

De gemeente Dantumadiel is op dit stuit amtlik fusearre mei Noardeast-Fryslân, mar bestjoerlik selsstannich. Dizze bysûndere konstruksje kostet de gemeente wis 1 miljoen yn it jier oan salarissen en fergoedingen foar bestjoerders en riedsleden. Dizze kosten binne noch heger wurden troch in leansferheging foar de wethâlders, in maatregel dêr't it CDA poer op tsjin wie.

Dantumadiel wie yn 2018 ek 9 ton mear as begrutte kwyt oan it sosjaal domein. In hiel bedrach foar in net al te grutte gemeente, mar neffens Visser wis net de haadoarsaak fan de finansjele problemen. "It kolleezje fan B en W sille folle kostenbewuster wurkje moatte, dat stiet foar my wol fêst."

'Herstelplan'

It kolleezje hat oankundige dat it yn septimber in 'herstelplan' presintearje wol om wer finansjeel sûn te wurden, mar Visser fynt dat te let. "Mei sa'n herstelplan moatte je, as it heal kin, hjoed noch oan de slach, want oars kin it wolris te let wêze foar Dantumadiel."

Fraksjefoarsitter Jan Jitse Visser fan it CDA yn Dantumadiel

(Advertinsje)
(Advertinsje)