MCL moat 21 miljoen euro besparje yn trije jier

31 maaie 2019 - 18:06

It Ljouwerter sikehûs MCL moat miljoenen besunigje om út de reade sifers te kommen. Mei in pakket oan maatregels moat der yn trije jier tiid 21 miljoen euro besparre wurde. It sikehûs ferwachtet dit jier wer sûnder ferlies te draaien.

Oer 2018 waard in ferlies ferwachte fan 7 miljoen euro. Dêr bleau 'mar' 2,3 miljoen fan oer. Dat docht bliken út de jiersifers fan it sikehûs. De totale omset is 377 miljoen euro.

Ferpleechôfdielings ticht

It MCL makke tefolle kosten en hie te min ynkomsten. Dat waard foarich jier ûntdutsen. Dêrnei is oankundige dat der gjin miljoene-ynvestearring yn in nij operaasjekompleks dien wurdt.

En troch effisjinter om te gean mei lege bêden, kinne twa ferpleechôfdielings ticht. Pasjinten sille sa koart mooglik yn it sikehûs lizze en de ynkeap fan materiaal wurdt sa foardielich mooglik dien.

Pasjinten earder ûntslaan

Troch in oare planning fan de operaasjes, wurde pasjinten flugger opnaam en ûntslein.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der is ek in nuchtere-opname-keamer iepene. Dêr komme je te lizzen foar de operaasje. Dat makket de pasjintestreamen effisjinter. En by opname wurdt al pland, wannear't je wer nei hûs kinne.

Mear operaasjes

Sa koenen se yn de lêste trije moannen fan 2018 300 kear faker operearje as yn deselde perioade in jier earder. Wachttiden binne koarter wurden.

Gjin nije minsken oannimme

Sikehuzen ha te krijen mei in tekoart oan kwalifisearre personiel. Dochs is der noch hieltyd in fakatuerestop yn it MCL. Om it sikehûs takomstbestindich te hâlden is it ek needsaaklik om genôch spesjalisten te hawwen. Dêr sil goed om tocht wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)