Plysje lûkt fjoerwapens by oanhâlding yn Earnewâld
De plysje hat yn Earnewâld de wapens lutsen om twa minsken oan te hâlden. Dat is te sjen op in filmke fan Wâldnet.
Neffens Wâldnet kaam de plysje yn aksje neidat in tsjûge sjoen hie dat de twa mooglik in fjoerwapen yn de auto hiene. Op de krusing fan de Koaidyk mei de Feantersdyk waarden de beide minsken oanholden.
It is net dúdlik oft se echt in fjoerwapen yn de auto hiene.