Nederlânske follybalsters ûnderút tsjin Poalen yn Nations League

30 maaie 2019 - 20:51

De Nederlânske follybalfroulju binne tongersdeitejûn ûnderút gongen tsjin Poalen. Yn Apeldoorn ferlearen se it Nations League-duel mei 3-1.

Marrit Jasper en Hester Jasper - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De froulju, mei Marrit Jasper yn de basis en Hester Jasper op de bank, begûnen min. De earste set gong mei 13-25 ferlern. De Nederlanners kamen wol fuortendaliks werom troch de twadde set mei 27-25 te winnen.

Yn de tredde set kamen de Nederlanners op 'e nij op foarsprong, mar op 20-16 skoarden de Poalen ynienen 9 punten. Sa wûnen se de set. Yn de fjirde en lêste set wiene de Poalen folle better. It waard 25-15.

Pleatsing foar de finale

Nederlân stiet mei sân punten no alfde fan de sechstjin lannen dy't meidogge oan de Nations League. Allinnich de earste fiif pleatse harren foar de finale yn Sina yn july. Nije wike spylje de froulju yn Hong Kong tsjin Italië, Sina en Japan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)