Marten Kooistra wint Kersenronde fan Mierlo

Hurdfytser Marten Kooistra fan Jonkerslân hat yn Mierlo de Kersenronde wûn. Dat is in wedstriid út de Nederlânsk-Belgyske beloftekompetysje.
© www.orange-pictures.nl
Neffens cyclingonline.nl wûn Kooistra de sprint fan in kopgroep fan tsien man. De ploech fan Kooistra, SEG Racing, siet mei trije riders yn dy kopgroep.
Ploechgenoat Marijn van den Berg wie lang yn de oanfal, mar yn de lêste 20 kilometer waard er weromhelle. Doe naaiden Kooistra en syn njoggen kompanen út.
Florian Vermeersch waard twadde, en David Dekker waard tredde.