Friezen pakke gouden medaljes op NK skeelerjen

Ruurd Dijkstra út Nijeholtwâlde is Nederlânsk skeelerkampioen wurden op de puntekoers, en Moniek Klijnstra fan Sint-Jânsgea pakte goud yn de tiidrit oer 200 meter.
Moniek Klijnstra wint goud © Tims Imaging
It is de earste Nederlânske titel foar Dijkstra. Hy hie in goeie taktyk, en goeie skonken, en koe sa de konkurrinsje foarbliuwe.
It wie in drege wedstriid. Chris Huizinga en Luc ter Haar namen fan it begjin ôf de lieding, en Dijkstra hold him earst rêstich. It peloton kaam stadichoan op drift.
Healweis de wedstriid ride Jordy van Workum it peloton nei de kopgroep. Hy is de wrâldkampioen by de junioaren. Van Workum waard twadde, en de tredde priis wie foar Ter Haar.

Mear earemetaal

Op de 200 meter waard Lianne van Loon twadde, en Elisa Dul tredde. Maya de Jong pakte brûns op de 1000 meter en der wie ek brûns foar Berber Vonk op de punte-ôffalkoers.