Grinzer froulju winne haadklassekeatsen yn Dronryp

30 maaie 2019 - 20:05

KV Wezon de Sterke Earm út Grins hat it frouljus-haadklassekeatsen yn Dronryp wûn. By de ôfdielingspartij wûn it partoer mei Anne Monfils, Jeske de Boer en Marrit Zeinstra mei 5-5 en 6-4 fan OG Huizum, dat keatste mei Manon Scheepstra, Nynke Sijbrandij en Anna-Dieuwke Dijkstra.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Grins kaam fia winst op Dronryp, Goaiïngea, en Folsgeare yn de finale. Dêr troffen se OG Huizum, dat Bitgum, Berltsum en Seisbierrum-Pietersbierrum al ferslein hie.

Manon Scheepstra mocht meidwaan foar Huzum, neidat sy lang om let in adres opjoech by de KNKB.

De finale wie in spannende partij, mar it die úteinlik bliken dat de Grinzers it bêste wiene. Sy wûnen mei 5-5 en 6-4 fan Huzum. De tredde priis wie foar Wommels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)