SKS'ers winne skûtsjestriid tsjin IFKS op earste dei fan Lemmer Ahoy

30 maaie 2019 - 20:55

Nei ien dei silen giet it skûtsje fan Grou oan de lieding by Lemmer Ahoy. Oant en mei sneon stride de skûtsjes fan de SKS en de IFKS tsjin mekoar yn de baai fan De Lemmer. Dat smiet tongersdei fuort al moaie plaatsjes op.

As je nei it klassemint sjogge, liket it derop dat de skûtsjes út de SKS better binne as dy út de IFKS. De bêst klassearre IFKS'er is de Eelkje II, dy't pas op it seisde plak te finen is, achter de skûtsjes fan Snits, De Lemmer, De Súdwesthoeke, Hearrenfean en Huzum.

Yn de twadde klasse giet de Twee Gebroeders oan kop, fan skipper Harmen Brouwer. De Sterke Jerke fan Pieter Jilles Troelstra stiet twadde, en de Verwisseling fan Bas Krom is tredde. Yn dizze klasse dogge gjin SKS-skûtsjes mei.

By de lytse skûtsjes, ek allegearre út de IFKS, stiet nei ien dei it Akkrumer skûtsje De Reuzen oan kop, folge troch de Friesland fan Johannes de Vries. Dat skûtsje die foarich jier noch mei yn de grutte klasse, mar dit jier is der in stik út seage. Op it tredde plak stiet de Swanneblom, mei skipper Brandt de Vries. Op dat skip fart in bemanning fan Grinzer studinten.

Op de earste dei fan Lemmer Ahoy is ien skûtsje omslein. De bemanning rekke net ferwûne, mar it koste wol tiid om de boel wer foar mekoar te krijen.

It klassemint stiet noch lang net fêst. De silerij fan Lemmer Ahoy duorret noch oant en mei sneon.

Trefwurden: 
skûtsjesilen Lemmer Ahoy
(advertinsje)
(advertinsje)