Minnertsgea wint keatsen yn Tsjummearum

30 maaie 2019 - 19:39

It partoer fan Minnertsgea hat it keatsen by Tsjummearum wûn. Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra wiene yn de finale te sterk foar it partoer út Bitgum. It waard 5-1 en 6-0.

De twadde priis wie foar Paul Dijkstra, Yannick Hielkema en Tjisse Steenstra. "We koene der net mear fan meitsje", sei Steenstra nei ôfrin. "De akku wie leech."

It partoer út Sint-Jabik, dat bestiet út Bauke Triemstra, Teake Triemstra en Rick Poortstra, pakte de tredde priis.

Trefwurden: 
keatsen Tsjummearum
(advertinsje)
(advertinsje)