Kuieralvestêdetocht dei 3: Joeri Planting

30 maaie 2019 - 18:47

De Kuieralvestêdetocht is de grutste kuiertocht fan Fryslân. Tiisdei binne 650 kuierders der oan begûn. Fia WhatsApp hawwe wy alle dagen kontakt mei ien fan har. It is no de tredde kuierdei. Us petear is mei Joeri Planting.

Joeri (rjochts) en Sippie by Sleat, it finishplak fan de earste Alvestêdedei. - Foto: Eigen foto

De 27-jierrige Joeri sit yn it foarlêste jier fan de stúdzje Interaction Technology. Hy wennet yn Enschede, dêr't er ek studearret. Foar syn earste Kuieralvestêdetocht komt dizze Fries om utens efkes werom yn Fryslân, want doe't ien tsjin him sei dat hy de Kuieralvestêdetocht net útrinne koe, moast er fansels it tsjindiel bewize.

Fia WhatsApp hâldt Joeri ús op de hichte fan syn kuiertocht. Dat petear is hjirûnder te sjen. Klik earst op 'Enter Story', dan op 'Meet your interviewees' en as lêste op Joeri syn namme. No is it petear te lêzen. Troch te klikken op de blauwe tekstballon ûnderyn giet it petear hieltyd fierder.

Brûkers fan de Omrop-app kinne it WhatsApp-petear sjen fia dizze link.

Fan tiisdei 28 maaie oant en mei sneon 1 juny is de Kuieralvestêdetocht. Oan de tocht, dy't fiif dagen duorret en yn totaal 207 kilometer lang is, dogge 650 kuierders mei. Alle dagen hawwe wy fia WhatsApp kontakt mei in oantal kuierders dy't ús op de hichte hâlde fan harren kuier troch de alve Fryske stêden.

(advertinsje)
(advertinsje)