Boargemaster doopt nije pont mei amer sjampanje

30 maaie 2019 - 17:57

Boargemaster Jannewietske de Vries fan de gemeente Súdwest-Fryslân hat by Offenwier de nije pont nei it Starteilân doopt. De flesse sjampanje waard leechjitten yn in puts; in soarte fan amer. En dy puts mei sjampanje smiet se oer it skip.

It skip hjit De Sweagen. Dat is de âlde namme fan it eilân. It is in duorsume pont mei in elektryske oandriuwing en om by dat tema te bliuwen, is by it dopen foarkaam dat der glês yn it wetter bedarre.

De pont koste sa'n 700.000 euro, en kin sa'n 120 minsken ferfiere. Dat binne der 40 mear as de âlde pont.

Minder rigen en mear eveneminten

Direkteur Karst Doevendans fan de behearende stifting Skarsweagen en de Keninklike Wettersportferiening fan Snits ferwachtet dat der hjirtoch op drokke dagen yn de Snitswike gjin rigen minsken mear hoege te wachtsjen foardat sy oer kinne nei it eilân.

De ekstra kapasiteit moat der ek foar soargje dat der mear eveniminten organisearre wurde op it Starteilân. Dêrby leit de klam op jeugdsilen en silen foar minsken mei in beheining.

(advertinsje)
(advertinsje)