Skûtsje slacht om by De Lemmer: "Ik tocht dat it wetter kâlder wêze soe"

By in skûtsjewedstriid op De Lemmer is in skûtsje omslein. It giet om de Wylde Wytse, fan skipper Sikke Heerschop. Guon bemanningsleden ha wat blauwe plakken oprûn, mar der is net ien echt ferwûne rekke.
It skûtsje wurdt wer oerein lutsen © Piet Maier
Ien fan de bemanningsleden is Maaike van der Hoek. Yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân fertelde se dat der flinke pûsters stiene yn de baai fan De Lemmer. "Der kaam samar in enoarme wynflaach oan. Ik tocht: 'Dit giet mis!', en doe gongen we."
Maaike van der Hoek wie op it skûtsje doe't it om gong
"It wie wol spannend", seit Maaike. "Ik hong oan de reling, en woe op it skip klimme, mar mei de sylkean en de learzens oan slagge dat net sa goed. Doe ha'k my mar fallen litten, it wetter yn."
"It skip hie noch flink wat gong, it gong my hast foarby. Ien fan de oaren koe my fêstgripe. Mar der wiene ek guon dy't achter it skip oan swimme moasten."
"It foel my ta hoe kâld oft it wetter wie. Neffens ien fan de minsken dy't ús der út hellen, kaam dat fan de skrik."

"Dit skûtsje kin net omslaan"

Der stiet eins altyd wol yn yn de baai fan De Lemmer. "Dêr komt de wyn by mekoar, it is altyd wol ergens legerwâl." Bemanningen moatte dêr goed rekken mei hâlde. "De skipper sei noch: De Wylde Wytse kin net om. No, it kin dus wol."
Yntusken is it skûtsje wer oerein lutsen. Der is net in protte skea, mar de bemanning is der wol drok mei om alles wer foar mekoar te krijen.

"De grutste puzel fan De Lemmer"

De houten flier dy't normaal benedendeks yn it skip leit, lei net mear te plak. "De flonders leine der út. It wie de grutste lispuzel fan De Lemmer. We moasten alle stikjes wer by mekoar sykje. En se wiene net nûmere, dus we ha der wol even wurk fan hân."
Sa't it no liket, docht de Wylde Wytse by de earstfolgjende wedstriid wer mei. Dy is freed al, dan is it de twadde dei fan Lemmer Ahoy.