Metalband Baldrs Draumar makket jongerein entûsjast oer Fryske reis

30 maaie 2019 - 13:57

It eilân Helgolân wie ôfrûne wykein wer it toaniel foar de gearkomste fan Friezen út alle tradisjoneel Fryske gebieten. Ien kear yn de trije jier komme Friezen út ús Fryslân, East-Fryslân yn Dútslân en Noard-Fryslân yn Dútslân tsjin de Deenske grins, by inoar op it eilân tusken Dútslân en Denemarken. Dat wurdt dien om de mienskiplike Fryske identiteit te fieren.

Foto: Wikipedia

Oant no ta waarden de gearkomsten foaral besocht troch âlderein, mar de Fryske band Baldrs Draumar woe dêr dit jier feroaring yn bringe. Us provinsje mocht dit jier it evenemint organisearje en de band hat him der goed tsjinoan bemuoid.

"We hawwe fansels as earste ús fans oansprutsen en fia Facebook in soad reklame makke. Dat is dochs it medium dêr't de jongerein op sit. Watst no ek sjochst, is dat it libbet en dat minsken deroer prate. Der binne no al minsken dy't sizze dat se oer trije jier ek mei wolle", fertelt Aant-Jelle Soepboer fan Baldrs Draumar.

Aant-Jelle Soepboer oan it wurd

"We giene mei in dûbeldekkerbus oant de nok ta fol nei it eilân ta. It is in mingeling. Oan de iene kant binne it fans fan de band, dy't dêrmei likegoed fan binne fan sa'n barren en de Fryske identiteit. Mar der kamen ek fêste besikers."

Neffens Soepboer wie der wol in lyts bytsje sprake fan in generaasjeferskil. "Wy besykje ferjonging yn te setten. Oars stjert sa'n moai inisjatyf miskien in stille dea. Dêrmei krijst miskien wol in generaasjekleau. We hiene ek in metalband út Ostfryslân programmearre. Der wiene in soad âlderen dy't mei de fingers yn de earen nei bûten rûnen."

De Fryske identiteit libbet

De band wol de jongerein oansprekke, omdat de kâns bestiet dat de ynteresse foar it Frysk oer in pear jier folslein ferflein is. "It is wol de tiid om de jongerein oan te sprekken. Je fernimme ek dat it libbet. Do sjochst dat minsken op 'e syk binne nei harren identiteit en der ek ûntfanklik foar binne. Mar dan moatte je dêr wol op ynsette."

(advertinsje)
(advertinsje)