Hege besite by premjêre muzykteäterstik Titus yn Dokkum

30 maaie 2019 - 11:24

Hege besite by de earste foarstelling fan it muzykteäterstik Titus oankommende freed yn de Dokkumer Bonifatiuskapel. Earegast is de Spaanske prior-generaal Fernando Millàn Romeral. Hy is de oerste fan de ynternasjonale Karmeloarder. Dat is de kleasteroarder dêr't Titus Brandsma lid fan wie.

Foto: Bote Sape Schoorstra

Kleasterlingen fan de Karmel binne wrâldwiid aktyf. Fan Europa oant de Filipinen. Yn dat lân bestiet foar sjoernalisten mei moed in 'Titus Brandsmapriis'.

Romeral wurdt freed yn Dokkum bystien troch biskop Ron van den Hout fan bisdom Grinslân-Ljouwert en Jan Brouns, prior fan de Nederlânske Karmelprovinsje. Titus Brandsma jildt yn de ynternasjonale Karmeloarder as ien fan de grutte ynspirators fan de tweintichste iuw.

Hillichferklearring

Paul Verheijen, pastor fan de Pax Christi-parochy yn Dokkum en omkriten is bliid mei de ynhelslach fan de nammebekendheid fan Titus. Neffens Verheijen is Titus Brandsma tige ûnderwurdearre.

Oer hillichferklearring troch de paus wurdt al lang praat, mar it is noch ûnwis oft dit yndie ek barre sil. Mooglik dat de foarstelling Titus in bydrage leveret oan de hillichferklearring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)