Stikstofbeslút Ried fan Steat op lange termyn goed foar Fryske natuer

30 maaie 2019 - 10:22

De útspraak fan de Ried fan Steat woansdei, dy't it hiele belied rûnom stikstofútstjit yn kwetsbere natuergebieten fan tafel faget, sil op lange termyn goed útpakke foar de Fryske natuer, tinkt direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Mei de suver wat technyske beneaming 'Programatische Aanpak Stikstof' is de ôfrûne jierren besocht de stikstofútstjit werom te bringen en de gefolgen dêrfan op de natuer tsjin te gean. Stikstof komt yn de loft troch bygelyks dong fan bisten, mar ek troch yndustriële aktiviteiten en it ferkear. As der tefolle fan yn de natuer komt, ferrûget dy en komme soarten dy't it goed dogge op earmere grûn ûnder druk te stean.

Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea

Je sjogge dat bygelyks hiel goed werom op de heide, mar ek yn dúngebieten op de Waadeilannen. Der is wol jild om bytiden grutskaliger yn te gripen yn dat soarte fan lânskippen of der wurde kij, hynders, skiep of geiten ynsetten om de ferrûging tsjin te gean. Mar alles by elkoar opteld, kostet it behear fan ús natuer hjirtroch wol mear jild. En it liket derop dat maatregels om de stikstofútstjit by de boarne oan te pakken net foldwaande opsmite.

De Vries ferwachtet dat dizze útspraak dêr wat feroarje kin. "Ik tink it úteinlik wol, omdat de de stikstofdeposysje no eins net werom rint", seit De Vries. Yn de oanpak oant no ta waard de ferwachte fermindering fan de stikstofútstjit neffens berekkenings al ferdield oer aktiviteiten dy't ekstra stikstof útstjitte. En dat mei no net mear. In nije, dekkende regeling nimt nei alle gedachten in soad tiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)