Ljouwerter blomkemerk lûkt ier en betiid al besikers
De blomkemerk yn Ljouwert begûn ferline jier mei in reinige moarn, ta fertriet fan de hannelers. Want dy rein soarge foar minder klanten. Middeis klearre it lykwols op en luts de klantestream oan. We binne yntusken in jier fierder en dus stiet it sintrum fan Ljouwert tongersdei op 'e nij fol mei blommen en plantsjes.
Guon minsken wiene der betiid by. Ien man wie spesifyk op 'e syk nei begoania's. Neffens him hoechst der net perfoarst ier en betiid by te wêzen om de moaiste blomkes te keapjen. "Middeis is it sa drok. Miskien sil ik noch wol efkes nei it keatsen", fertelt er.
Ek de keaplju wiene al betiid út de fearren. Se hawwe der betrouwen yn dat it in moaie dei wurde sil. "Vorig jaar was het slechter weer en koud. Nu wordt het goed weer."