Sipelkeunstwurk Ids Willemsma werom yn Deinum

30 maaie 2019 - 09:04

Deinum hat syn sipelkeunstwurk werom. It troch Ids Willemsma ûntwurpen byld hat in nije lokaasje krigen, omdat net alle omwenners har fine koene yn it oarspronklike plak. Dêr waard it byld yn 2014 delset, as oantinken oan it hûndertjierrich bestean fan doarpsbelang De Eendracht.

'De Sipel' op syn nije plak - Foto: Anneke Koster

De lokaasje yn it doarp soarge foar in lange striid, dêr't it byld sels yllegaal by fuorthelle waard. Neidat it net goed werompleatst wie, bedarre it yn in gemeentlike opslach.

Mei help fan de eardere wethâlder Bram Bonnema as bemiddeler, waard yn oerlis mei de keunstner en doarpsbelang in nije lokaasje socht. Dy is fûn by de yngong fan it doarp, it byld hat dêr in plak krigen op in eigen terpke.

It byld 'De Sipel' ferwiist nei de sipel dy't sûnt 1589 op de toer fan Deinum stiet.

Trefwurden: 
Ids Willemsma Deinum De Sipel
(Advertinsje)
(Advertinsje)