Kollum: "Sibbe"

"It is dizze simmer tsien jier lyn dat de kij fan 'e pleats dêr't ik opgroeid bin fuort giene. It bedriuw gie fierder, op in oar plak yn Fryslân. It waard my fan 'e wike yn it sin brocht, trochdat der in artikel oer ús âlde pleats oan 'e Ivige Leane yn 'e Ljouwerter stie. Us heit en mem binne nei Skearnegoutum ferhuze, en de pleats is in pear jier lyn ferkocht oan in jong stel mei bern dat der in stedsbuorkerij fan meitsje woe.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
No leit de buorkerij noch net yn 'e stêd, mar de stêd - Snits - komt al hieltyd tichter by. De krisis fan in pear jier lyn hat de bou fan huzen útsteld, mar dat feroaret no rap. Greide feroaret yn strjitten. Harinxmalân. It hat in eigen website, mei teksten as 'Harinxmaland wordt het stukje Sneek dat voor iedereen bereikbaar is', nettsjinsteande dat it ferneamd is nei in State fan 'een welgestelde Friese familie', dy't dêr stien ha soe. Ik ha der jierren wenne; nea fan de Harinxma's heard.
De pleats hjit no 'Stadsboerderij De Sibbe', en yn 'e krante fertelle eigeners Herma en Johannes oer hoe't se der in proeftún foar in duorsume takomst fan meitsje wolle. Mar je moatte noch al even troch de âlde pleats hinne sjen, sa skriuwt de ferslachjouwer op, en ik sjoch op 'e foto myn âlde hûs en it rútsje fan myn sliepkeammerke. In fergaderseal yn 'e âlde melkput, sa is ûnder oare it plan, en ik tink werom oan al dy oeren dy't myn heit en myn omke ûnderyn dy put trochbrocht hawwe.
Doar fan 'e wachtromte iepen. Seis, letter sân, kij oan elke kant fan 'e put. Oan in touke lûke en dan krije de bisten wat biks. Dy leit op in stoffige souder, en dy moat ik mei kâld waar soms losskoppe. Op in âld speakerboks stiet in muzykstasjon oan. Jaren skjinmeitsje mei in waarme doek, en dan it melkstel derûnder hingje. Yn in pear minuten tiid rint dan de grutte molkeflesse neist de ko fol, en kinst it oantal liters molke presys sjen. As se alle seis klear binne, dan giet it stek foar iepen. De bisten rinne dan fia in gong werom nei de lisboksstâl. En mar skite, dy bisten. En dat mocht ik as jonkje dan opromje. Strontskowe, sa hjitte dat. Myn jeugd bestie foar in belangryk part út kowestront opromje. Ik hie ris witte moatten dat se der ea fergaderje sille, mei kofje en koekjes en HDMI-beamers.
It wie gjin megastâl. De ferslachjouwer skreau dat wol op. Dy sei dat de lisboksstâl út de jierren santich 'een van de eerste moderne megastallen' wie. Doe't de stâl boud waard, soe it noch wol fiifentweintich jier duorje foardat it wurd útfûn wurde soe, mar boppedat is it in foar dy tiid hiel gongbere lisboksstâl. Mar goed, it is ús stâl net mear. De pleats hjit no 'Sibbe', en de spoaren fan 'e kij binne no noch oeral te sjen, mar dat duorret net lang mear.
It is ús pleats net mear, en it is myn sliepkeammerke net mear. En ús lân net mear, en it lân hat ek net mear de nammen dy't wy der oan jûn hawwe; de jister, it leech, de finne, de lange five, de alve. It bestiet allinnich noch yn 'e holle fan in pear Jellema's. Ik bin faker yn myn libben ferhuze, mar ik ha by gjin fan 'e huzen dêr't ik wenne ha deselde gefoelens as by ús âlde pleats. Dat komt om't ik der opgroeid bin fansels, mar ek omdát it in pleats is. Sa'n plak dêr't libben, groei en stjerte yninoar oerfloeie, sa'n plak dêr't je ien wurde mei it waar, dêr't natuer en minske tichter byinoar steane as wêr dan ek. Omdat je dermei libje en derfan genietsje, en om't je dermei fjochtsje en derop flokke. Lûk mar ris in ko út in feart. Dit snappe allinnich minsken dy't ek op in pleats opgroeid binne, en op in dei foarmje we in klupke.
Op 'e foto yn 'e Ljouwerter sitte Herma en Johannes op in picknicktafel dy't dwers op de reed foar de âlde pleats stiet, neist de parrebeam dêr't de lekkerste stoofparkes ôfkamen, sa wit ik. Trije jonge bern, breed laitsjend, skitterjend gesicht. Se sizze dat dit harren libbensprojekt is, en dat se der nea wer wei gean.
Oer in skoftke wit nimmen noch fan de pleats fan 'e Jellema's, sa't ik nea wist fan 'e State fan 'e Harinxma's. Ik wit ek net of dat wat útmakket. Moarn ha se iepen dei op 'e Sibbe oan 'e Ivige Leane. Ik wit noch net oft ik gean."