Ried Ljouwert wol dúdlik advys oer takomst soarch

30 maaie 2019 - 08:17

De oanbieders fan soarch yn Ljouwert, de Wmo, moatte sa gau as mooglik wer om tafel mei de wethâlder om sa dúdlik te krijen wat de problemen no noch binne. Dat wol de gemeenteried fan Ljouwert. De nije plannen foar de Wmo binne hast klear, mar no freget in oantal grutte spilers om útstel.

Foto: Omrop Fryslân

Yn in brief oan de ried en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders freegje dy oanbieders mear tiid. Dy is nedich om alle plannen goed út te wurkjen. Der sit tefolle tiidsdruk op, sizze ûnder oare GGZ Fryslân en de Kwadrantgroep. In oantal oare oanbieders seit wol út de fuotten te kinnen mei de nije plannen, sa skriuwt de gemeente Ljouwert yn in reaksje.

Opheldering

De ried wol no opheldering ha oer wat no krekt de stân fan saken is. Marcel Visser fan de VVD: "Het is wel fascinerend om te zien dat de wethouder zegt dat iedereen akkoord is. Maar dan krijgen we andere brieven. De verwarring bij mij is groot, want wie spreekt nu de waarheid?" It is reden foar Visser om de kommende wiken op wurkbesite te gean by de ynstellings om te sjen oft hy dy antwurden fine kin.

Ek Julie Bruijnincx fan D66 wol antwurden: "We willen heel graag horen hoe het nu eigenlijk zit. Het gaat hier om kwetsbare mensen en een groot bedrag dat bezuinigd moet worden. Er moet een goed uitgewerkt plan komen."

Dat plan moat der eins al gau lizze. De kommende jierren moat der 3,6 miljoen besunige wurde. It grutste part dêrfan is al fûn, no giet it om de lêste 1,2 miljoen euro. Wethâlder Van Gelder wol no trochpakke. Yn july wol hy dat de ried in beslút nimt oer de plannen, sadat dy op tiid útwurke binne. Utstel sa't in oantal fan de soarchoanbieders wol, fynt hy net needsaaklik.

Ferstopje

Dochs moat Van Gelder syn eagen en earen net slute foar dy opmerkings, fynt PvdA-foaroanfrou Lutz Jacobi. Sy wol dat Van Gelder alle partijen byinoar bringt: "Wy ha ferlet fan in ienriedich advys. We bliuwe sa oan it donderjeien mei in groep kwetsbere minsken. En dat al oardel jier lang. De wethâlder ferstoppet him no efter brieven. Hy is ferantwurdlik en moat no syn wurk dwaan."

Fan útstel wol Jacobi foarearst neat witte: "Nee, se moatte earst om tafel en dêr sil ik persoanlik noch op oantrúnje. Dan sjogge we dêrnei fierder."

De gemeente Ljouwert moat foars besunigje op de Wmo, de Wet maatschappelijke ondersteuning. It giet dan bygelyks om help foar minsken dy't it psychysk dreech ha. Yn it ferline waard dy soarch regele troch it Ryk. It Ryk hat dy tak ôfstjitten nei de gemeenten en dêr foars op besunige. Guon gemeenten, lykas Ljouwert, komme dêrtroch yn de problemen. Foar 2021 moat der noch in bedrach fan 3,6 miljoen euro besunige wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)